Yn de tweintichtste ieu ûnderfûn de detektiveskreauwer Havank(pseudonym fan Hans van der Kallen)de gastfrijheid fan de van Wageningens. Havank hat op Dekema State in pear van syn boeken(havankjes) skreauwn.


Hy rekke fasjinearre troch it portet fan Anna Maria van Burmania. Sy inspirreare him yn it boek Caviaar en Cocaine wêryn in sekere Anne Marie de Passy foarkomt. Dizze Anne Marie liket sprekkend op de Anna Maria fan it portret.

Op in bepaald plak yn it boek, wêr har leauwen beskreaun wurd, wurd har namme skreauwn as Anna Maria.

De skreauwer lit twa grutte kleurenfoto's meitsje wer't troch hy
Anna Maria tydens syn wurk en libben altiten yn syn buurt wit.

Mear informaasje yn it boek:
Havank, schets van leven en werk.

Havank, schets van leven en werk.

In sichtber oantinken oan Havank is de grêfstien fan syn hûntsje.
Dat hûntsje, Nicko, waard op Dekema State begroeven.

Yn in kast stean ek wat boeken  fan him ûtstalt.
Havank is bêrne yn Ljouwert(1904) en nei in protte omswervings ek stoarn yn Ljouwert(1964).

Sjoch foar mear ynformaasje oer Havank: de de links pagina

Gerard van Wageningen, de lêste bewenner fan Dekema State, wie goed befreone mei Havank. Hy wie sjoernalist en krige fan Havank tastemming inkelde personaazjes ût de havankjes te brûken foar de folgjende twa boeken:

De glimlach van Eleanora, 1962
Het teken van de overkant 1963

beide skreauwn ûnder it pseudoniem Dekema.
Klik hjir : foar voor meer informatie en een foto .