Frijwilligers

Frijwilligers binne foar Dekema State fan "libbensbelang".

Ha jo tiid oer en sykje jo wat te dwaan wat by jo past? Hjirûnder stiet beskreaun wat jo betsjutte kinne foar Dekema State.

Dekema State wurdt profesjoneel laat troch de behearders, sy binne foar de deistige gong fan saken ferantwurdlik. Op dit stuit binne dat Wim en Jacomine Hoogendam.
Wim fersoarget it bûtenwurk (de tún) en de technyske saken yn en om it gebou hinne en Jacomine soarget foar alle oare saken dy't mei de state anneks binne.

Fierder "libbet" Dekema State fan de frijwilligers, dy't yn grutte oantallen hast alle dagen oanwêzich binne; der steane no 80 frijwilligers op de frijwilligerslist.

De tún
Yn de maitiid, de simmer en yn de hjerst fine jo in protte frijwilligers yn de tún dy't krekt dan in protte ûnderhâld nedich hat.
Yn de maitiid begjinne hja mei it snoeien fan de apel- en parrebeammen yn it hôf, it oanplantsjen fan de snijblommen yn de blommetún en it siedzjen fan de griente yn de grientetún. Yn de simmer moat it gers yntiids meand wurde en de rânen frijhâlden fan túch. As de drúf op de berceau fruchten begjint te meitsjen, moat dizze krinte wurde, sadat der moaie druvestrusen oerbliuwe. Yn de hjerst wurdt de tún winterklear makke. Jo begripe, dit docht Wim net allinnich, de kwaliteit dy't de tún fan Dekema State no útstrielet soe dan net hanthavene wurde kinne.



Untfangst besikers
Neist de tún binne der foar de iepenstelling fan de State ek in protte frijwilligers nedich.
Foar de ûntfangst fan de gasten op Dekema State binne de gastfroulju en -hearen ferantwurdlik.

Túnmanswenning
Sy ûntfange de gasten yn de eardere túnmanswenning. Dit kin wêze op de reguliere iepeningstiden, mar der kinne ek groepen op ôfspraak komme.
Hja kinne hjir in tagongsbewiis keapje en in konsumpsje nuttigje. Binnen is it gesellich (maks. 12 minsken kinne hjir sitte), mar bûten, op it terras, is der folle mear romte. Hjir is plak foar wol 70 minsken. Simmers is it hjir hearlik toevjen. De gasten kinne dan genietsje fan in bakje kofje op de feranda mei útsicht op de prachtige blomme- en grientetún.
De kaart- en konsumpsjeferkeap, de opfang en fersoarging fan de gasten wurdt ek wer hielendal troch frijwilligers dien.

De State
As de gasten harren melde by de doar fan de State, wurde se op 'en nij opfongen troch gastfroulju en -hearen. Dy soargje derfoar dat de State klear is foar it ûntfangen fan de gasten. Dit hâldt ûnder oaren yn dat alle gerdinen (binnen) en de lûken (bûten) iepene binne, de ljochten yn de keamers brâne en alles der represintatyf útsjocht. De gasten kinne selsstannich omrinne of de gastfrou/-hear kin soargje dat der in rûnlieding jûn wurdt. As de gasten mei fragen komme, is de gastfrou/-hear der om dy te beantwurdzjen.

Op de State binne ek blommedames aktyf. Sy soargje der alle wiken foar dat der yn de State en yn de túnmanswenning farske boeketten skikt wurde fan blommen út de eigen blommetún.




Fan alles en noch wat
Bûten de iepenstelling om moatte der ferskate oare dingen barre sa as:
it poetsen fan it koper,
it stofsûgjen en ôfstofjen fan it museale part fan de State,
it optakeljen fan de gewichten fan de klokken,
it dwaan fan de administraasje,
it fersoargjen fan de túnlju (kofje/tee/sop),
it fersoargjen fan de jierlikse mailing nei oare musea, kampings, B&B's,
it meitsjen fan foto's ûnder eveneminten,
it meitsjen fan krystdekoraasjes foar de State en foar de ferkeap,
it dwaan fan technyske putsjes
en noch folle mear.

Ha jo tiid oer en sykje jo wat te dwaan dat by jo past? Meitsje in ôfspraak of kom ris lâns by Dekema State yn Jelsum, miskien binne wy de organisaasje dêr't jo nei sykje foar jo frijwilligerswurk.


Lêste nijs oer ús frijwilliger Jan Kooistra

5 oktober: fan 'e middei is ús wolbekende frijwilliger Jan Kooistra ferkeazen ta dé frijwilliger fan Fryslân, hjirtroch docht hy mei oan de ferkiezing ta frijwilliger fan Nederlân.

Jan Kooistra út Stiens is freed yn it Radio 5-programma Plein 5 ferkeazen ta winner fan de provinsje Fryslân yn de NCRV-ferkiezing fan Dé Frijwilliger fan Nederlân. Jan set him as frijwilliger yn foar it museum Dekema State yn Jelsum. Hy naam it yn de provinsjale foarronde op tsjin trije oare frijwilligers út Fryslân: Elly Bosgra út Ljouwert (frijwilliger by Home-Start), Tiny Alberda fan de Lemmer (aktyf binnen de rouferwurking yn Lemsterlân) en Germ van Essen út Reduzum (foarsitter fan Sportbelangen Reduzum). Jan krige 38% fan de útbrochte stimmen fia de webside  www.maakhetverschil.nl.

Jan is frijwilliger yn it adellik museumhûs Dekema State yn Jelsum. Hy is in tige freonlike en gastfrije gasthear, dy't sawol yn it ûntfangstgebou as yn de State (it museum) sels minsken mei in protte wille ûntfangt en te wurd stiet. Jan nimt geregeld foarrieden op en follet oan wêr nedich of soarget dat der oanfolle wurdt. Ek helpt er yn de winter altiten mei oan it grutte himmeljen fan it museum, mei it yn de waaks setten fan húsrie en it koperpoetsen. Jan is foar hast alle putsjes te freegjen en nimt dy putsjes op him dy't no krekt in protte tiid en regelmaat easkje, sa as de klok opwine, de planten wetter jaan, de keuken opromje, it stof ôfnimme, ensafuorthinne. Koartsein, Jan is yn alle silen mak.