|
Helmblom Voorjaarshelmbloem Corydalis solida
|
 |
Krekt as alle oare stinzeplanten kin de helmblom him (yn Fryslân) net yn it wyld
hanthavenje. De blom wurdt ek wol "fûgeltsje op in kruk" neamd.De skutbledsjes
ûnder de blommen binne ynsnien. |
|
Holwoartel Holwortel Corydalis bulbosa
|
De Holwoartel is in wat grutter en steviger bruorke fan de Helmblom. De kleur is
wat foller. Neist de pearsrôze blommen dy’t op Dekema State te sjen binne,
steane der ek in pear wite eksimplaren. In oar ferskil is it holle
woartelknoltsje. Fierders binne de skutbledsjes ûnder de blommen geef.
|
 |
|
Blêdlok Daslook Allium ursinum
|
 |
Dekema State is ien fan de moaiste fynplakken fan it Blêdlok yn Fryslân. De
plant stiet yn grutte fjilden by elkoar.Dat is net allinnich te sjen, mar ek te
rûken. De hiele bosk rûkt nei sipels, de rook wjerhâldt bisten derfan om dy
plant te iten.
|
|
Giele Anemoan Gele Anemoon
Anemone ranunculoides
|
Ast net goed sjochst, soest tinke dat der bûterblommen by it boskpaad lâns
steane, mar by neier ynsjen docht bliken dat it de Giele Anemoan is, dy’t foaral
by de útkykhichte yn april oermjittich bloeit. As de blomkes iepen binne, kinne
wy de moalstoftriedden bewûnderje. |
 |
|
Wylde tulp Bostulp
Tulipa sylvestris
|
 |
Dat sierlike, giele, wylde tulpke hat it ôfrûne jier oermjittich bloeid by de
oprydleane lâns. Dochs stiet it net bekend as in goede bloeier. Lang net elk
plantsje bloeit. Oare ferskillen mei de túntulp binne de bûgde blom, de puntich
tarinnende (bûtenste) blomblêden en de gewoante om har troch útrinners te
fermearderjen.In metoade dy’t ek op Dekema State foar in sterke fermeardering
soarge hat. |
|
Grutte Gersstjer Knikkende
Vogelmelk Ornithogalum nutans |
|
Dy plant moat ek troch minsken nei Fryslân brocht wêze. Syn natuerlike
libbensgebiet is Súd-Europa en bûten de tunen kin de plant him yn Fryslân net
hanthavenje.Hy fermearderet him foaral as de grûn bewurke wurdt.Yn 1840 wurdt yn
de Flora Frisica Dekema State as fynplak troch Bruinsma neamd. .
|
 |
|
Gersstjer Vogelmelk
Ornithogalum umbellata
|
 |
De Gersstjer is in bolgewaaks mei gerseftige blêden. De moaie stjerfoarmige
blommen steane allinnich iepen by sinneskynwaar. De plant, dy’t oarspronklik
troch de minske oanplante is, wreidet no ek faak bûten de tunen út en wurdt yn
it wyld oantroffen. |
|
Aronstsjelk Gevlekte
Aronskelk Arum maculatum
|
|
Dy plant komt ek út it suden.De kringrook fan de blom is
oantreklik foar ynsekten dy’t, as se op de blom delkaam binne, fluch nei
binnen glydzje oer it glêde oerflak.Yn de blom komme se ûnder it ripe
blommemoal te sitten en as de blom ferwylget, kinne se wer nei bûten, op
wei nei in oare blom, dêr’t se wer binnenyn de blom telâne komme en it
meibrochte blommemoal de stamper befruchtsje kin. Rjochts de fergiftige
beien.
|
 |
|
Wylde hyasint Boshyacint
Scilla non-scripta
|
 |
Dy plant komt oarspronklik foar yn West-Frankryk, België en massaal op de Britse
eilannen, dêr’t er Bluebell neamd wurdt. |
|
nei foarjier simmer hjerst winter foar in yndruk fan de tún as gehiel
Stinzenplanten op Dekema State, al eeuwen het
feest van de lente.
Dit 64 sidentellend boekje fan 20x20 sm is tige ryk yllustrearre mei moaie
foto’s fan de stinzenplanten (15 soarten) en it terrein. Ek wurdt de lêzer
ferteld wat stinzenplanten winliken binne en der wurde 11 soarten “byguod” besprutsen.
Fierders komt der in stikje skiednis fan Dekema State op it aljemint, mei
moaie âlde printsjes. It boekje is skrean troch de túnbaas fan Dekema
State, Wim Hoogendam. Hij fertelt oer “syn “ tún, gjin fakliteratuer dus ,
mar in noflik lêsber printeboek. It boek is te keap by de kassa fan Dekema
State en op termijn ek fia dizze website. Fierders ek bij de gewoane
boekhannel, it ISBN-nûmmer is 90-9020596 en it kosset €7,50.
Klik hjir foar in
foarbyldside (klik op de knop foarige fan je browser om wer werom te
gean nei dizze side.)
|
|