De portrettekolleksje is yn de rin fan de ieuwen groeid: bewenners lieten harren skilderje, yntrouwende oare helten namen famyljeportretten mei.

Hjirűnder de earste Van Wageningen, Gerardus, dy’t op Dekema State kaam te wenjen troch syn houlik mei Juliana Lucia Elisabeth Maria Houth; de famylje hat fan dy tiid ôf op Dekema State wenne.

Underoan de side alle oare al op it web portrettearre bewenners of famyljeleden derfan. Sjoch ek bewenners fan doe foar in gronologyske folchoarder.
Mochten jo trouwens mear witte van de neamde persoanen, dan is jo kennis fan herte wolkom!
  Juliana Lucia Elisabeth Maria Houth libbe fan 1772 oant 1832. Se is in dochter fan Hendrik Jetse Samuel Mauritz Houth en Geertruida Anna Margaretha barones Van Broeckhuysen.

Se ervet de state fan Elisabeth Maria Brunet de Rochebrune, har beppe.

Se is slotfrouwe fan 1795 oant 1832.
 

W.B. van der Kooi
1821

Gerardus van Wageningen, de earste Van Wageningen op Dekema State. Hy libbe fan 1764 oant 1852. Hy is de soan fan Jan van Wageningen en Jacoba Kloeck. Troch syn houlik yn 1791 mei Juliana Lucia Elisabeth Maria Houth komt er op Dekema State te wenjen. Hy nimt in portret fan syn foarâlden mei.

Gerardus van Wageningen is Kaptein rezj. Oranje Fryslân oant 1793, wethâlder fan Ljouwert yn 1821 en lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Hy is slothear fan 1832 oant 1852.

Juliana Lucia Elisabeth Maria Houth libbe fan 1772 oant 1832. Se is in dochter fan Hendrik Jetse Samuel Mauritz Houth en Geertruida Anna Margaretha barones Van Broeckhuysen.

 

Se ervet de state fan Elisabeth Maria Brunet de Rochebrune, har beppe.

 

Se is slotfrouwe fan 1795 oant 1832.

 

It pear krijt fiif bern:: Jan Hendrik Jetse , Geertruida AnnaJacobus Gerardus , Juliana Lucia  en Maria Hendrika .