Undersyk
De hear Ben Olde Meierink, keunsthistoarikus, spesjalisearre yn de boukeunst fan de santjinde ieu en yn túnhistoarje, hat yn opdracht fan de Stichting Dekema State ûndersyk dien nei de âlde bylden. De bylden binne makke fan stúkwurk, gips fold mei lytse Fryske bakstien en stikken kleastermop. De hear Olde Meierink datearret de fragminten op grûn fan de fersiering op koart nei 1590, foar gipswurk is dat bysûnder betiid.

Gipsjitwurk
Dit kaam al yn de renêssânse foar. Mei help fan mallen koe men gipsôfjitsels meitsje fan ferneamde klassike bylden. In protte rike Italianen diene dit graach.
Gipsjitters lutsen út Italië wei troch Europa, wêrtroch ek Fryslân kennis makke mei dizze technyk.
 

De fragminten binne ôfkomstich fan in âlde skoarstienmantel.
Se foarmen twa stypjende kariatiden, Athena en Hermes. Se binne foar Dekema State makke. It hawwe nei alle gedachten George(Jurjen) Ripperda en syn frou Anna Catherina van Dekema west dy't opdracht jûn hawwe foar it meitsjen fan de bylden om de skoarstienmantel op te kreazjen. George besette wichtige funksjes oan it Fryske hof fan steedhâlder Ernst Casimir van Nassau.
It is mooglik dat de bylden beskildere wiene. De rânen fan de skulptueren moasten swart skildere wêze, sa hat út ûndersyk bliken dien. Dit soe derop tsjutte kinne dat de skildering fan de bylden en it oare stúkwurk oansluten wiene op it behang: goudlear mei in patroan fan foar in grut part goud en swart.