| Reservering
en vergoeding |
It slúten fan it houlik kin fan
tiisdei oant sneon wêze.
Ôfspraken oer de troudatum meitsje jo mei de gemeente Ljouwerteradiel,
Bureau Burgerzaken, telefoon 058 257 66 27.
Foar de beskikberrens fan de trouseal op dizze datum kinne jo belje mei de
behearders, de fam. Hoogendam, tel 058-257 00 20. Mei harren kinne jo ek
in ôfspraak meitsje foar it besjen fan en it besprekken fan de
mooglikheden en besprekkingen fan dizze lokaasje.
De kosten foar it slúten fan it houlik wurde troch de gemeente, en foar de
lokaasje dekema state by jo yn rekken brocht. De datum moat sa gau as
mooglik trochjûn wurde nei sawol de gemeente as nei Dekema State
Prizen
€ 575,-- tidens gewoane iepenstelling en sneon (simmerperioade ek troch de
wike)
€400,-- troch de wyke bûten de gewoane iepenstelling.
De gemeente hantearret fan 2009 ôf deselde tariven foar it trouwen op it
gemeentehûs as op Dekema State. De nije tariven binne € 401,-- bûten
kantoaroeren fan de gemeente (freed nei 12 u. En op sneon) en binnen
kantoaroeren €147,--
De totaalpriis fan de lokaasje en gemeente yn 2009
€547,-- tiisdei o/m freed bûten iepenstelling
€976,-- tidens wykein
€722,-- tidens iepenstelling troch de wyke
^ |
|
Beskikbere romte en oantal gasten |
Tidens it slúten fan it houlik
hawwe jo de beskikking oer de seal, de garderobe, de gong en de grutte
souder. Om't de romte beheind is, kinne der net mear as 30 gasten sitte en
boppe net mear as 40
^
|
|
Tagonkelijkhyd foar beheinden |
De trouseal (ûnder)
is berikber foar rolstuollen, mar net maklik (trep 2 treden). Yn it
yntreegebou is der in beheindentoilet. As der gasten binne dy’t gebrûk
meitsje fan in rolstoel, moat dit yntiids oan de gemeente en de behearder
fan Dekema State trochjûn wurde.
^ |
|
Parkearen |
Op it hiem fan
Dekema State meie allinnich de breidsauto of –koets en de auto fan de
fotograaf parkeard wurde. De oare auto’s steanne op it parkearplak efter
it yntreegebou of efter de Herfoarme tsjerke. De breidsauto folget de
leane oan de Dekemawei, stoppet op it plein foar de brêge en mei der stean
bliuwe. Fanwege de kwetsberens fan de wegen en paaden op it terrein mei
der net bûten de paaden parkeardwurde, útsein de streek parkearber gers
oan it ûtein fan de rotonde, by ûtsûnderlike foertúgen is foarôfgeand
oerlis mei de túnbaas nedich.
 ^
|
|
Beskikbere tiid |
Foar oankomst en fuortgean fan it breidspear en de gasten, it sluten fan
it houlik en it meitsjen fan foto's, wurde net mear as trije oeren
reservearre yn de aginda fan Dekema State.
As jo langer as trije oeren wurk hawwe, moatte jo rekkenje op ekstra
kosten foar de hier fan Dekema State.
^ |
| Catering |
Kofje en tee kinne troch Dekema State sels skonken wurde, wylst foar
middeisiten, jûnsiten of resepsjes ôfspraken makke wurde kinne mei ús
fêste cateraar, Cadenza Catering (tel. 06-53 97 65 49).
It brûken fan sels meibrocht iten en drinken is net tastien.
Cadenza Catering
t.a.v. Wim Teeuw
Emmaplein 4,
8933 BS Leeuwarden
tel 058- 2132138
06 - 53 97 65 49
info@cadenzacatering.nl
www.cadenzacatering.n |
|
|
l |
|
^ |
|
| Foto's |
Dekema State foarmet - sawol binnen as bûten - in prachtich dekor foar jo
breidsreportaazje.
Foto's meitsje yn de State moat altiten yn oerlis mei de behearder. It
brûken fan swier beljochtingsmateriaal is yn de State net tastien.^
|
|
En fierder.... |
Op it terrein fan de State mei net struid wurde mei konfetty. Rys en
blombledsjes binne - yn oerlis - wol tastien. Yn de State is roken ferbean
en húsdieren wurde net talitten.^
|
| Adressen |
Adressen
Gemeente Leeuwarderadeel, Bureau Burgerzaken.
Ljipstrjitte 1, Postbus 24 9050 AA Stiens, tel. 058 2576627
Dekema State Dekemawei 5 9057 LC Jelsum 058 2570020
Dekema State@hetnet.nl
^
|